Rie keart bestimmingsplan

15 jun 2011 - 14:12

Ljouwert mei net trochgean mei in bestimmingsplan op yndustryterrein de Hemrik yn Ljouwert. Dat hat de Ried fan Steat woansdei bepaald.

De gemeente wol op âlde fuotbalfjilden bedriuwen mei bedriuwswenten mooglik meitsje. Skipswerf Welgelegen leit der flakby en is bang dat it bedriuw fanwege de lûdsnoarmen op slot komt te sitten. Neffens de gemeente foel dat wol ta, mar de Ried fan Steat tinkt der oars oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)