Rie bepraat nije boargemaster

10 jan 2008 - 19:57

De gemeenterie fan Lemsterlân bepaalt moandei wa't it meast geskikt is om Jo Bosma op te folgjen as boargemaster. Ienentweinich minsken hawwe oanjûn boargemaster fan Lemsterlân wurde te wollen. In kommisje fan riedsleden hat dêr in tal kandidaten út socht en leit dy moandei foar oan de gemeenterie.

De kandidaat dy't neffens de rie it meast geskikt is wurdt foardroegen by de minister fan Ynlânske Saken. Dy bepaalt úteinlik wa't it wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)