Riders yn aksje om sponsorskeel

14 nov 2003 - 00:00

De Nederlânske reedriders ûndernimme takom wike by de World Cup aksje tsjin de KSNB, as it ferskil tusken de sponsors en de KNSB net oplost wurdt. De eigen merksponsors soene net genôch wurdearring en respekt krije fan de KSNB en de sponsors fan de KNSB.

By ynternasjonale wedstriden moatte de riders eins mear reklame meitsje foar de sponsors fan de KNSB as foar har eigen sponsors. Hokker aksje de riders ûndernimme, is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)