Riders op Ryptsjerksterpolder

15 des 2009 - 10:24
  • Riders weagje har op de Ryptsjerksterpolder

De earste reedriders stiene tiisdei al wer op de Ryptsjerksterpolder. Dat is tradisjoneel it plak dêr't yn Fryslân foar it earst riden wurdt as it efkes ferzen hat. De earsten stiene om healwei njoggenen op it iis. It gie om trije manlju.

De ferwachting is dat it riden op de polder troch it waar en ek troch it riden sels al frij gau wer ûnmooglik wurdt. De riders sels advisearje om har foarbyld foaral net te folgjen, omdat it iis mear riders net hâlde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)