Riders Harns klune oer spoar

10 feb 2012 - 14:37

De iiswegesintrale yn Harns hat it smoardrok mei it yn goeie banen lieden fan de reedriders yn en by de stêd. De riders klune yn de stêd oer it spoar en dat is libbensgefaarlik. Twa kear yn de oere komt dêr in trein del. Meiwurkers fan spoarbehearder ProRail en de plysje binne oanwêzich om minsken fan it spoar te hâlden. De iiswegesintrale hat it wetter ûnder de spoarbrêge sa ôfset dat de minsken oer in brechje klune en net mear oer it spoar.

Ek de sitewaasje op it Van Harinxmakanaal is libbensgefaarlik. In soad minsken negearje dêr de ôfsettings. De iiswegesintrale ropt minsken op om net op plakken te riden of klunen dêr't it gefaarlik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)