Ride ûnder ynfloed fan GHB

02 okt 2011 - 15:20

In man (20) út Jirnsum is sneintemoarn syn rydbewiis kwytrekke nei it riden ûnder ynfloed fan GHB. In plysje hie de man slingerjend riden sjoen by It Hearrenfean.

Syn passazjier (25) út Akkrum moast by de auto bliuwe en mocht net ride om't er gjin rydbewiis hie. De plysje seach him letter wol riden. Hy is ek oanhâlden. Yn de auto is GHB fûn en guod om GHB fan te meitsjen. Beide fertochten binne foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)