Ride ûnder ynfloed

12 apr 2009 - 15:44

In 42-jierrige ynwenner fan Stiens is sneintemoarn op de Lege Hearewei yn syn wenplak oanholden troch de plysje foar it riden ûnder ynfloed. De plysjes joegen de man in stopteken en holden him oan. Doe rûkten se dat de man dronken hie.

Ut ûndersyk die bliken dat er noch foar 140 euro oan boetes iepen stean hie. De man waard foar in azemanalyze oerbrocht nei it plysjeburo, dêr't er 350 ug/l blies. Hy krige in proses-ferbaal en in rydferbod fan twa oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)