Ride op Ryptsjerksterpolder

08 des 2012 - 10:14
  • Earste riders op de Ryptsjerkerpolder

Op de Ryptsjerksterpolder wurdt sneontemoarn foar it earst dizze winter riden. It trijetal Jochum de Vries, Herman van der Geest en Leo Schuil doarde it nei ien nacht mei min acht oan. Neffens De Vries giene hy en syn maten moarns even te sjen, sûnder de ferwachting dat it al wêze koe. Hy seit dat der sawat 3 oant 4 sintimeter iis leit.

De Ljouwerters binne alle jierren de earsten dy't de redens ûnderbine op it bûtlân fan de Ryptsjerksterpolder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)