Ride op bûtenwetter gefaarlik

28 des 2000 - 15:29

Reedride op de fearten en kanalen is der de kommende dagen net by. It Wetterskip Fryslân is wer begûn mei ôfstreamen. Der wurdt foar de rest fan 'e wike gjin oanhâldende froast ferwachte.

Troch de ûnderstreaming is it gefaarlik om op it bûtenwetter te reedriden. It iis is oan 'e ûnderkant net tsjûk genôch. Inkeld op iisbanen en lâniis is it fertroud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)