Ride mei ûnjildich rydbewiis

28 sep 2006 - 10:30

In 25-jierrige autobestjoerster út Feanwâlden hat woansdei yn rekordtiid twa boetes krigen. De frou wie oan it riden, wylst har rydbewiis net jildich wie. De plysje joech de frou dêrfoar in boete en fertelde har dat se net fierder ride mocht.

Doe't de plysje fuortried, stapte de frou yn har auto en ried ek fuort. De frou krige dêrop in stopteken en in twadde boete fan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)