Ride mei rydûntsizzing

19 jul 2009 - 15:22

De plysje hat sneintemoarn in 27-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanholden yn syn wenplak omdat er yn syn auto ried, wylst er net mear ride mocht. Doe't de plysje him stilhold die bliken dat de man ek noch dronken hie. De Ljouwerter moast in azemanalyze dwaan op it plysjeburo en krige in proses-ferbaal.

Tsjien oare drankriders krigen sneontejûn en -nacht in rydferbod en seis fan harren hiene safolle dronken dat hja it rydbewys ynleverje moasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)