Ridder beneamd by Fryske Gea

06 jun 2009 - 13:52

De 67-jierrige Skelte Brouwers is sneontemoarn op de ledegearkomste fan It Fryske Gea beneamd ta ridder yn de oarder fan Oranje Nassau. Hy kaam yn 1987 yn it bestjoer fan It Fryske Gea en wie de ôfrûne acht jier skriuwer.

Sneon stapte er op en krige er fan boargemaster Johanneke Liemburg de keninklike ûnderskieding. As bestjoerslid wie Brouwers ûnder oare belutsen by de bou fan it besikerssintrum yn Earnewâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)