Rick Hofstra wint fan Co Stompé

20 maaie 2003 - 00:00

Darter Rick Hofstra fan Snits giet troch nei de twadde ronde fan 'e International Darts League yn Den Haach. Hofstra wûn moandei yn in spannende wedstriid mei 6-4 fan 'e Nederlânske topper Co Stompé. Snein ferlear Hofstra noch kânsleas mei 6-1 fan Raymond van Barneveld.

Troch de winst op Stompé is Hofstra nei de twadde ronde gien. De oerwinning hat fan gefolgen dat guon yn Den Haach al fan in 'Fryske ynvaazje' sprekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)