Rick Hofstra tredde yn Egmond

14 des 2003 - 00:00

Darter Rick Hofstra fan Snits helle dit wykein de heale finale fan de Masters Darts yn Egmond aan Zee. De Snitser wist yn 'e kwartfinale wrâldtopper Martin Adams te ferslaan, en wie dêrmei neffens kenners de ferrassing fan it Masters-toernoai. Yn 'e heale finale ferlear Hofstra fan Van Barneveld.

Wrâldkampioen Raymond van Barneveld soe ek it toernoai winne, troch yn 'e finale Mervin King út Ingelân te ferslaan mei 6-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)