Richard Bos nij riedslid foar VVD Weststellingwerf

16 sep 2015 - 12:46

Richard Bos folget Silvia Vuist op as riedslid foar de VVD-fraksje yn Weststellingwerf. Vuist stapte earder op om't sy de nije direkteur wurden is fan soarchynstânsje Eduzon. De gemeente keapet soarch yn fia Eduzon, wêrtroch't Vuist in saaklike relaasje mei de gemeente krige.

Bos wennet yn Steggerda en wurket by Aedes, de belangeferiening foar wenningkorporaasjes. Hy hat earder riedslid west yn it stadsdeel Bos en Lommer yn Amsterdam. Bos (42) is no noch foarsitter fan it VVD-ôfdielingsbestjoer yn Weststellingwerf, mar hâldt hjir mei op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)