Rianne van Houten nije foarsitter VVD Ljouwert

22 maaie 2015 - 07:50
  • Rianne van Houten, nije foarsitter VVD-Ljouwert

Rianne van Houten is de nije foarsitter fan de VVD, ôfdieling Ljouwert. Tongersdei is op de algemiene ledegearkomste ôfskied nommen fan foarsitter Kor van der Meulen.

De nije foarsitter Rianne van Houten is 28 jier. Sy wurket by Rykswettersteat en komt út Reduzum. Sy hat ek aktyf west foar de jongereinôfdieling JOVD en hat belutsen west by ferskate ferkiezingskampanjes fan de VVD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)