Rhythm Stars Europeesk kampioen

27 sep 2004 - 12:40

Showband Rhythm Stars út Snits is sneon earste wurden by it Europeesk kampioenskip 'Show' yn Den Haach. De band krige 71,2 punten, yn har kategory in tige goed skoare.

De sjuery wie benammen te sprekken oer de gearhing fan show en muzyk en de útstrieling. Ek de prizen yn de losse kategoryen giene nei de showband út Snits. Foar de Rhythm Stars wie it in moaie ôfsluting fan in tige suksesfol seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)