Rezjysitting saak ATF útsteld

03 feb 2004 - 00:00

De rezjysitting fan ATF yn de rjochtbank yn Ljouwert is útsteld. De saak tsjin trije eardere direksjeleden fan de ôffalferwurker yn Drachten soe tiisdei begjinne. Se wurde fertocht mei skuldich te wêzen oan de brân yn 2000.

Justysje fynt it dossier te meager en wol mear tsjûgen hearre. De advokaten fan de ferdigening en it Iepenbier Ministearje wolle mear tsjûgen oproppe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)