Rezjysitting oer ATF

08 jan 2004 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert hâldt trije febrewaris de rezjysitting oer ATF. Yn dy sitting wurdt besjoen oft tsjûgen en saakkundigen heard wurde moatte foar de rjochtsaak oer de ATF-brân.

Advokaten fan de fertochten wolle 90 tsjûgen en in tal saakkundigen hearre. Dat hâldt it proses op. Dêrom wurdt earst sjoen hokker tsjûgen heard wurde. Dêrnei kin de saak ynhâldlik behannele wurde. De saak is rjochte tsjin trije eardere direksjeleden fan ATF.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)