'Rezjy ûndersyk by ried'

20 apr 2013 - 08:49
  • Gemeentehûs Smellingerlân

Net boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân moatte de lieding ha oer it eksterne ûndersyk nei de wurksfear op it gemeentehûs, mar de gemeenteried. Dat fynt de SP yn Smellingerlân.

Fan 'e wike kamen amtners nei bûten mei har problemen. Se sizze dat se yntimidearre en yn guon gefallen fuortpest wurde troch har liedingjaanden. Boargemaster en wethâlders sille no in ekstern buro opdracht jaan om de situaasje te ûndersykjen en nimme dêryn sels de rezjy. De SP fynt dat net ferstannich, omdat it kolleezje mooglik ûnderdiel fan it probleem is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)