Rezjersje ûndersiket brân

23 feb 2009 - 10:04
  • De technyske resjerzje giet it gebou yn

De technyske resjerzje sil moandei ûndersyk dwaan nei de brân yn in opfangsintrum foar jongerein yn Ljouwert. Oar de oarsaak fan de koarte fûle brân yn in keamer fan it sintrum is noch neat bekend. De brân bruts om in oere as trije út.

De 17 bewenners waarden evakueard. Fjouwer fan har binne nei it sikehûs brocht om't se problemen mei sykheljen hiene troch de reek. Ien persoan rekke licht ferwûne by it ferlitten fan it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)