Reza spilet foar De Visscher

08 maaie 2010 - 12:57
  • Jeffrey de Visscher mei troch in skorsing net spylje

Sportklup Cambuur moat it snein yn de beslissende playoff-wedstriid tsjin Go Ahead Eagles dwaan sûnder de skorste Jeffrey de Visscher. Syn ferfanger is Reza Ghoochannejhad. De Visscher hat in skorsing fan trije wedstriden (ien ûnder betingst) krigen foar syn reade kaart fan ôfrûne tongersdei.

Fierder sil trainer Stanley Menzo nei alle gedachten neat feroarje oan syn basisalvetal. Al is der in mooglikheid dat Rudy Jansen rjochtsachter spilet ynstee fan Dennis van der Ree.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)