Reyntegraasjebudzjet hâlde

07 des 2009 - 09:24

Opsterlands Belang tsjinnet in moasje yn tsjin de ferleging fan ít budzjet foar reyntegraasje. It kabinet is dat fan doel. De moasje wurdt stipe troch in grut part fan de ried yn Opsterlân.

Krekt no't it tal wurkleazen tanimt hat in besuniging op reyntegraasje in ferkeard effekt, sa fynt Opsterlands Belang. De foarnommen ferleging fan de budzjetten liedt ta minder lear- en wurkplakken en minder begelieding nei wurk en oplieding. It is it doel om de moasje nei Den Haach te stjoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)