Reyntegraasje Pastiel sukses

11 jun 2014 - 13:08

It regionale reyntegraasjeprojekt Pastiel hat it ôfrûne jier 495 minsken út de bystân oan in baan holpen. Dat waard woansdeitemoarn bekend makke op in gearkomste oer de resultaten fan de pilot. It projekt is opsetten mei alve gemeenten yn it westen fan de provinsje Fryslân en Empatec.

Der hawwe har 1200 minsken oanmeld foar it projekt en it krijt ek in ferfolch. Wethâlder Janny Schouwerwou fan de Fryske Marren is bliid mei it grutte oantal dat oan in baan holpen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)