Revâns foar Hartwerter dammers

19 jan 2014 - 17:54

De dammers fan Hartwert ha sneon de titel pakt by de klupkampioenskippen yn it damjen Frysk spul. Ferline jier ferlearen de mannen út it bekende dambolwurk noch wat ferrassend fan Aldegea Súdwest Fryslân. Dit kear liet Hartwert der lykwols gjin misferstân oer bestean wa't de bêste wie. De útslach 5.5 tsjin 2,5 joech gjin inkelde twifel.

It kampioenskip joech namstemear yndruk omdat de Hartwerters it dwaan moasten sûnder de sterke spiler Germ Terpstra, dy't krekt in wike earder hommels ferstoarn wie. It tredde plak wie foar Skearnegoutum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)