Revanche foar Allard Syperda

23 jul 2001 - 00:00

It Hearrenfeanster skûtsje naam moandei by De Feanhoop revanche foar de 14 strafpunten by de earste wedstriid. It skûtsje fan Allard Syperda waard earste en makke dêrmei it minne resultaat fan Grou wer foar in grut part goed.

De Lemmer waard twadde, Ljouwert tredde, Grou fjirde, Boalsert fyfde, De Jouwer sechde. Drachten sylde in knappe thúswedstriid en waard sande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)