Reuzeseehûn is werom

09 apr 2002 - 00:00

De reuzeseehûn dy't moandei by Skier- mûntseach yn see set is, is werom op it eilân. It hiele grutte eksimplaar, twa meter, wie earder dy dei mei man en macht nei djipper wetter brocht. Hy wurdt no oerbrocht nei it seehûnesintrum yn Pieterburen. It bist is sa grut en swier dat der mooglik in shovel oan te pas komme moat om him op te tillen. Boppedat byt er om him hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)