Reuzemok wer teplak

03 jan 2004 - 00:00

De reuzemok stiet wer op syn plak. Mei swier materieel en in soad belangstelling is de grutte jubileumkop fan Douwe Egberts sneon wer werom brocht op De Jouwer.

Aldjiersploech De Geitefok fan Aldeberkeap hie de kop earder fuorthelle en der in grut glês bier foar yn it plak set. De direksje fan Douwe Egberts koe de grap wol wurdearje, mar is bliid dat de kop wer stiet dêr't er heart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)