Reuzekwallen sjoen op Waadsee

16 maaie 2014 - 11:47
  • Reuzekwal op it strân fan Teksel

Oan de Nederlânske kust binne de ôfrûne dagen kwallen sjoen dy't folle grutter binne as oars. Guon fan dizze seepaddestuollen hawwe in trochsneed fan in heale meter en binne wol alve kilo swier. Neffens ûndersyksynstitút Ecomare fan Tessel komt it troch de sêfte winter, dat de kwallen sa grut binne. Yn in kâlde winter geane de kwallen dea. No hawwe de kwallen de winter oerlibbe en binne se trochgroeid.

Ecomare hat de kwallen oantroffen op Teksel, ek oan de kant fan de Waadsee, De kwallen binne net gefaarlik foar minsken, seit Ecomare.

De reuzekwallen binne ek al signalearre yn Ingelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)