Reuzehaai op Amelanner strân

30 nov 2009 - 12:06
  • De reuzehaai lit him sa út en troch wolris sjen yn 'e Noardsee

Op it strân fan It Amelân is moandeitemoarn it kadaver fan in reuzehaai fûn. It kadaver is sa'n twa meter lang. Reuzehaaien kinne wol tsien meter lang wurde. It is foar it earst dat in reuzehaai oanspielt op It Amelân. De haai, de ien-nei-grutste fisk fan de wrâld, is in bedrige fisk.

De haai swimt fral yn de oseanen. It kadaver is tydlik bedobbe op it strân. Nei ûndersyk giet it nei de destruksje omdat it kadaver al te fier fergien wie om te bewarjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)