Reuzebadein giet nei Ingelân

22 aug 2007 - 21:37
  • Patrick Gofre en Marga Houtman mei de 2,5 meter hege badein..
  • De rûte dy't de badeintsjes folgje oer de wrâldseeën

De reuzebadein fan keunstner Marga Houtman út Warns giet moarn op transport nei it Ingelske Cornwall. De Mem fan alle badeinen sil dêr op syk nei de badeinen dy't sûnt 1992 oer de oseanen dobberje. Yn dat jier rekke in Sineesk skip 20.000 eintsjes kwyt by in stoarm. Sûnt dy tiid folgje oseanografen de einen om mear te learen oer de seestreamingen.

De ferwachting is dat de einen dit wykein oanspiele yn Ingelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)