Reuze-otter nijste oanwinst bistetún Aqua Zoo

16 jul 2015 - 12:34

Bistetún Aqua Zoo yn Ljouwert krijt dit wykein in reuze-otter. It mantsje komt fan in bistetún yn Dortmund yn Dútslân. Aqua Zoo is de earste bistetún fan Nederlân dy't in reuze-otter krijt. Yn augustus komme der noch twa fan sokke otters. De bisten kinne hast twa meter grut wurde. Se ite goed 2 kilo fisk op in dei. De nije bewenner wurdt moandeitemiddei offisjeel oan it publyk presintearre.

Takom jier krijt Aqua Zoo ek noch iisbearen en nylhoarzen, oftewol nijlpaarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)