Reuny ynwenners Koarnwertersân

20 maaie 2006 - 17:15

Sneon wie in reuny foar alle bewenners fan Koarnwertersân. Oan de ein fan de tweintiger jierren yn de foarige ieu is in rychje huzen delsetten foar de arbeiders dy't de Ofslútdyk bouden.

Letter wiene de húskes foar it personiel fan de sluzen. It is nei alle gedachten it lytste doarpke fan Nederlân mei mar ien strjitte. Yn Koarnwertersân ha troch de jierren hinne in soad gesinnen wenne. Faak mar koart, mar der wie wol in bân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)