Reuny Sil de Strandjutter

22 jan 2006 - 13:48

Op Skylge waard dit wykein in reuny hâlden foar meiwurkers oan de searje Sil de Strandjutter. De searje, makke nei de boeken fan Cor Bruijn, waard ein jierren '70 troch de NCRV op televyzje útstjoerd.

It ferhaal, dat him ôfspilet op Skylge, waard ek op dat eilân op naam. Yn Sil de Strandjutter fangt it gesin fan Sil in oanspield famke op. Der wiene al langer plannen foar in reuny, mar dy kamen oant no ta net fan de grûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)