Reuny MCL-Noard

20 sep 2003 - 00:00

Sikehûs MCL-Noard yn Ljouwert slút takom jier de doarren. Alle ôfdielingen geane nei MCL-Súd, dêr't op it stuit wurke wurdt oan de útwreiding. Foar in soad minsken is MCL-Noard, it eardere Bonifatiushospitaal, in begryp.

Sneontemiddei kamen hast 900 (âld-)meiwurkers by inoar yn it goede âlde 'Bonnehos'. It sikehûs hat mear as 120 jier tsjinst dien. Besocht is om it sikehûs op de monumintelist te krijen, mar dat is net slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)