Reuny âlde jeugdklup Wolvegea

22 feb 2009 - 15:22
  • De reunykommisje (foto: Lenus van der Broek)

Jongereklup "'t Tempeltje" yn Wolvegea hâldt op sneon 9 maaie in reuny yn hotel Holland Inn yn Wolvegea. Healwei jierren sechtich wiene der jongeren dy't graach in eigen plak ha woene. Dat waard "De Genottempel", letter neamd "'t Tempeltje".

Fanút 't Tempeltje waarden in soad popjûnen en drive-inns organisearre. Ek waard de fanklub fan Artikel 461/Canyon, neamd "Club 461", hjir oprjochte. Mei de reuny wurdt ek de dvd fan Artikel 461/Canyon presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)