Reünykonsert De Kast

23 aug 2006 - 10:37

De populêre Fryske band De Kast sil yn novimber yn Ljouwert wer ien kear optrede yn 'e orizjinele besetting. De Kast gie fjouwer jier lyn útinoar. De band bruts in pear jier dêrfoar troch mei harren nûmer-2 hit In Nije Dei. Fierder wûn De Kast ferskate prizen lykas in Edison en in Gouden Harp.

It reünykonsert sil plakfine op de saneamde Fryske Music Night op 10 novimber. Njonken De Kast sille ek Mir en Gryt Wiersma dêr optrede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)