Reünykonsert Black Fire yn Ie

10 aug 2013 - 11:02
  • De formaasje Black Fire

De Fryske rockband Black Fire jout sneon nei 33 jier in reünykonsert. Se dogge dat yn de feesttinte yn Ie. Yn dit plak waard yn 1980 ek it lêste optreden jûn. Black Fire waard oprjochte yn 1972 en bestie út Jan 'Giro' Smedinga, Syds Schat, Frans Poorte en Age van der Zee. Harren single 'Do it' die it goed yn Dútslân, mar kaam yn eigen lân net yn de top fan de hitparade.

De band sil sneontejûn yn orizjinele besetting optrede, útsein Jan 'Giro'. Hy is yn 2005 ferstoarn. Foar him yn plak docht Jan Braaksma mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)