Reüny Twarres sûnder Johan

15 aug 2007 - 12:36
  • Twarres hjir noch mei Johan van der Veen
  • Auke Busman de nije sjonger fan Twarres

Noch foar de reüny fan Twarres in feit is, is it duo alwer útinoar. Johan van der Veen wol net mei Mirjam Timmer optrede, omdat er net sûn is. Wat him krekt mankearret kin Peter Funcke, de manager fan Twarres, net sizze.

"It leit yn de priveesfear, dêr sizze we fierder neat oer", seit Funcke. Mirjam wol wol troch mei Twarres, mar dan mei in nije sjonger. It giet om Auke Busman, de eardere sjonger fan de Fryske band Groev.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)