Reüny fan Alvestêdetochtriders fan 1985 yn Hylpen

21 feb 2015 - 13:41
  • De haadrolspilers út 1985 byelkoar yn Hylpen

Sa'n 30 dielnimmers oan de alvestêdetocht fan 1985 binne sneon foar in reüny byelkoar yn Hylpen. It is sneon 21 febrewaris krekt 30 jier lyn dat de tocht hâlden waard. Fan de bêste 25 manlju wiene der 22 oanwêzich, ûnder oare winner Evert van Benthem moat ferstek gean litte. Fan de fiif bêste froulju kamen der fjouwer op de reüny, ûnder har ek de nûmer ien Lenie van der Hoorn. In tal bestjoersleden fan de alvestêdeferiening is ek presint. De reüny wurdt organisearre troch it reedrydmuseum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)