Reüny alvestêderiders 1985

21 feb 2010 - 10:57

Yn it reedriidmuseum yn Hylpen is snein in reüny fan de bêste alvestêderiders fan 1985. It is presys 25 jier lyn dat dy tocht hâlden waard.

It museum hat de 25 bêste manlju útnoege en de 5 fluchste froulike wedstriidriders. Sy hawwe allegear oanjûn dat se komme, allinnich winner Evert van Benthem komt net. Hy wennet yn Kanada en is nei de Olympyske Spelen yn Vancouver. De riders prate mei elkoar en se kinne nei in film fan de tocht sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)