Resultaten 'Leader' sichtber

15 okt 2000 - 16:52

Mei jild fan de Europeeske Unie ha ferskate doarpen de ôfrûne jierren wurke oan har leefberens. De resultaten fan it 'Leader'-projekt waarden sneon toand.

Yn in bus waarden de meiwurkers oan it projekt sneon troch Fryslân riden. De bus stoppe ûnder mear yn Easterlittens, dêr't mei it jild besocht wurdt mear toeristen te lûken. De provinsje wol in ferfolch op Leader graach stypje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)