Restpostwinkels gean ticht

25 jul 2013 - 11:54
  • Website Restpost

In grut diel fan de winkels fan Restpost giet ticht. It giet om twa winkels yn Ljouwert en fierder yn Winschoten, De Like, De Westereen, Wolvegea, Grins en Harns. De winkels yn Dokkum bliuwe wol iepen. Restpost ferkocht in grut ferskaat oan guod dat by oare winkels en gruthannels oerbleaun wie.

Neffens eigener Epie Kooistra wurket it konsept fan Restpost net mear. It oanbod fariearret sa bot dat klanten net witte wêr't se oan ta binne, wylst bygelyks de Action wol in frij konstant oanbod hat.

Fan de fjouwer tydlike meiwurkers rint it kontrakt op 1 augustus ôf. Fierder waard fral wurke mei ústjoerkrêften. De twa oerbleaune winkels yn Dokkum lizze har hielendal ta op it ferkeapjen fan skea- en ferskeringspartijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)