Rêstige slotdei Hearrenfean

31 jan 2013 - 21:49
  • SC Hearrenfean, Vitesse, Filip Djuricic

De lêste dei fan de transferperioade is rêstich ferrûn foar SC Hearrenfean.
Technysk direkteur Johan Hansma befestiget dat sawol FC Twente as Ajax ynteresse hienen foar Filip Djuricic, mar dat dat nea konkreet wurden is.

"Bovendien laten wij Filip niet zomaar gaan, zeker niet in de situatie waarin we nu zitten", sa seit Hansma. Ek Jeffrey Gouweleeuw makket it seizoen ôf yn Hearrenfean.

Hearrenfean woe graach noch in ferdediger fêstlizze, mar dat is net slagge. "De spelers die wij op onze lijstjes hadden staan, waren niet haalbaar", sa seit de technysk direkteur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)