Rêstige simmer rêdingsbrigade

05 sep 2011 - 07:48
  • Foto: KNRM

It hat in rêstige simmer west foar de rêdingsbrigade KNRM op de waadeilannen. Der binne eins gjin grutte ynsidinten west en ek gjin oare earnstige kalamiteiten. Wol moast der in pear kear EHBO ferliend wurde.

It wie dit jier foar it earst dat de KNRM aktyf wie op Flylân. Sy soargen foar de oplieding fan strânwachten. De KNRM wol mei de gemeente prate oer it ûnderkommen foar de strânwachten. Dat is no te lyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)