Rêstige demonstraasje Alliantie

05 sep 2004 - 12:46

De demonstraasje fan de Nationale Alliantie tsjin saneamd multykultureel geweld luts sneon sa'n 50 minsken nei Ljouwert. Neist NA-oanhingers út Rotterdam en Brabân wie ek in groep Cambuur-hooligans op de demonstraasje ôfkaam. Linkse tsjinstanners wienen der ek om in tsjinlûd hearre te litten.

De plysje hie 35 man achter de hân, mocht it út de hân rinne. It bleau by wat oer en wer skellen. Nei in oere wie de demonstraasje wer dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)