Rêstich wykein yn Snits

07 aug 2006 - 15:24

De Snitswike is it earste wykein rêstich ferrûn. Meiïnoar binne der tsien minsken bekeurd fanwege fernielerij en balstjurrichheid.

Fjouwer jachten by it Starteilân mei in lûdsynstallaasje ha in warskôging hân, omdat der klachten kamen oer it leven dat se makken. Omdat der jûns wer klachten kamen, is de plysje der hinne gien. De ferantwurdlike dj hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)