Resten Wurdumerpoarte fûn

30 aug 2010 - 12:13

Yn de omkriten fan it Saailân yn Ljouwert binne yn de boaiem koartlyn resten fûn fan de âlde Wurdumerpoarte en stikken fan de âlde stêdswâl. It giet om bouwurken út de 16e ieu.

De archeologyske fynsten binne fûn by de wurksumheden oan it nije Saailân. Dat wurk giet troch. De ferwachting is dan ek dat der noch mear guod út de Ljouwerter histoarje fûn wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)