Resten skipshelling fûn yn Harns

12 okt 2002 - 00:00

Der binne restanten fan in âlde skipshelling fûn yn Harns op it plak dêr't eartiids houthannel Posthumus siet. It terrein oan de Suderhaven wurdt sanearre en geskikt makke foar wentebou.

De fynsten wurde no fêstlein en dêrnei wer ûnder de grûn stoppe. De restanten bliuwe sa it bêste bewarre. It ekstra argeologysk ûndersyk kostet 15.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)