Resten âlde stasjon Jelsum foar 't ljocht kommen

14 jun 2015 - 16:14
  • Fundamint stasjon Jelsum

Fan it âlde stasjon fan Jelsum sitte de fundaminten noch yn de grûn. Dat hat bliken dien nei ûndersyk fan de stichting Noord-Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij. Dizze stichting wol dat it âlde spoar nei Dokkum wer brûkt wurdt, as toeristyske attraksje.

Ferline wike wie it terrein al frijmakke fan struken en beammen. No is der fierder groeven en binne de fundaminten fan it stasjon foar it ljocht kommen. De kommende wiken wurdt fierder wurke oan it bleatlizzen fan de fundaminten.

It úteinlike doel fan de stichting is om it stasjon fan Jelsum wer op te bouwen en dêr in High Tea te begjinnen yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)